Advertentie | |
|
07-01-2015, 21:06 | |
Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf is net de earste boargemaster fan Fryslân dy't wegeret it earste ljipaai fan syn gemeente yn ûntfangst te nimmen. Anne van der Heide fan Burgum fûn yn 1972 it earste ljipaai fan Tytsjerksteradiel. Dat aaike waard doe wegere troch de boargemaster.
Van der Heide (90) kaam ta de ûntdekking dat yn alle gefallen boargemaster Henri Willem Karel Ridder Huyssen van Kattendyke en syn foargonger Walle Melis Oppedijk van Veen it aaike doe op it gemeentehûs fan Burgum ek net yn ûntfangst nimme woe. Harkje
__________________
|Ratatatatatata boink pfffff|Ben jij de albatrosvos?|Wajonger sinds 2013|Trans Pride|Kringloopvrijwilliger
|
16-02-2016, 04:53 | ||
Citaat:
13 februari: GROU - Eén van de mensen die vanmorgen in Grou hebben gedemonstreerd tegen het fenomeen Zwarte Piet, is vanmiddag plotseling overleden. Dat bevestigt de politievoorlichting. Kort nadat de touringbus uit Grou was vertrokken, werd een mannelijke inzittende onwel. De chauffeur maakte een noodstop op de vluchtstrook van de A32, vlak voor het aquaduct van Akkrum. Het slachtoffer is nog gereanimeerd op de vluchtstrook, maar hulp mocht niet baten. De inzittenden van de bus zijn naar het politiebureau in Heerenveen gebracht, waar hen slachtofferhulp is aangeboden. Bron: De Grouster Aankomst Sint Piter: Het gekrakeel van de banaanvreters:
__________________
|Ratatatatatata boink pfffff|Ben jij de albatrosvos?|Wajonger sinds 2013|Trans Pride|Kringloopvrijwilliger
Laatst gewijzigd op 16-02-2016 om 05:00. |
28-12-2018, 23:07 | |
FNP komt mei meldpunt foar plattelânstradysjes dy't bedrige wurde
27 des 2018 - 18:30 De FNP begjint in provinsjaal meldpunt om Fryske plattelânstradysjes te stypjen. Troch "trochsketten regeljouwing" en gemeentefúzjes steane dy tradysjes ûnder druk, neffens de partij. As foarbylden neamt de FNP optochten mei fersierde weinen en it karbidsjitten. "Sûnder dy tradysjes binne aanst alle plakken itselde", seit FNP-riedslid Aant Jelle Soepboer fan Dongeradiel. "De tradysjes meitsje ús unyk." It doarpsgefoel wurdt bedrige, mient de partij. De sosjaale koheezje bynt de minsken no noch, mar dat stiet neffens de FNP faai troch gemeenten dy't fusearje en riedsleden dy't har yndekke. "Je moatte minsken en doarpen eigenerskip en ferantwurdlikens jaan", seit Soepboer. "Regels dy't ea betocht binne om by eksessen yngripe te kinnen, wurde no brûkt om op foarhân te hanthavenjen." Soepboer die earder alris in oprop oan de eardere boargemaster fan Dongeradiel, Marga Waanders. Hy en oare jongeren út Nijewier fûnen de regels foar de optochten mei fersierde weinen troch de doarpen te strang. Doe hat der in petear west tusken de partijen, mar dat liket neat op te smiten. "Waanders sei dat der yn 2019 noch riden wurde moat. Mar nettsjinsteande dy tasizzing bliuwe amtners negative advizen útjaan", seit Soepboer. Neffens de FNP liket it der no op dat der gjin tastimming komt foar de optocht fan Eanjum. FNP yn it kolleezje De FNP komt yn it kolleezje fan de nije gemeente Noardeast-Fryslân, mar Soepboer fynt it raar dat amtners fan de gemeente "no al stelling nommen ha". Neffens de FNP ha ek oare plattelânsdoarpen te lijen ûnder regeljouwing. As foarbylden neamt de partij problemen by de keatsferiening yn Bitgum, hege kosten by eveneminten yn Marsum en Kallemooi op Skiermûntseach. En yn doarpen fan it eardere Littenseradiel soe de fergunningferliening foar eveneminten net soepel rinne, nei't de gemeente fusearre is mei Ljouwert. Mei it meldpunt wol de FNP minsken oproppe om har negative ûnderfiningen mei regeljouwing foar doarpstradysjes te melden.
__________________
𝑱𝑬 𝑴𝑶𝑬𝑫𝑬𝑹
|
|
|
Soortgelijke topics | ||||
Forum | Topic | Reacties | Laatste bericht | |
Nieuws, Achtergronden & Wetenschap |
Hoe gaat het er nu werkelijk aan toe op een zwarte school? Jabotinsky | 84 | 02-11-2004 01:12 |